Nei in winter en maitijd wurk, giet de Eastermarder haven ‘De Komerk’ it simmerseizoen yn. Nettsjinsteande dat de iepening fan de haven op him wachtsje lit, is it terrein sawat klear foar gebrûk. Eastermarders sille it dan ek grif fernimme, dat hieltiid mear boatsjeminsken it doarp oandogge.
De oanlis fan it hiele haventerrein mei oanlisplakken is ûnderdiel fan it Friese Meren Projekt en Lits-Lauwersmarrûte. Eltsenien sil sjoen hawwe dat der hiel wat feroare is en wurdt op it iisbaanterrein.
Oan de kant fan ‘e Snakkerbourren is de nije wettersportferieningshaven mei 48 plakken. De âlde brêge hawwe de boufakkers ferlingd, sadat dizze wer brûkt wurde koe. Waard it foarhinne noch it Heechhout neamd, de term dûkplanke wurdt ek al brûkt...
Neist in nije doarpshaven is de passantenhaven flink grutter wurden, mei de nedige lúkse. Oeral nije wâlbeskoeiing, elektrisiteit foar de boaten en in foarsjenningsgebouw, dat ek als gearkomsterûmte brûkt wurde kin.
Bedoeling is dat it evenemententerrein yn de midden yn de winter tsjinnet as iisbaan. Op 7 novimber wurdt de pomp oansetten en komt 'it aai' ûnder wetter te stean.
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 maart 2025
EA-Bloeiweek 2025
Let op, eerder is foutief 12 februari als datum van de brainstormsessie genoemd. Dit moet zijn dinsd... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 februari 2025
Eastermar is...