As wy fan ‘e Jistrumer kant en fan ‘e Rottefalle/Harkema ôf op ús buorren takomme, ride wy troch it smûke kûlisselânskip. Fan ‘e Sumarder kant trochkruse wy in stik iepen feangreidegebiet. De beide lânskipstipen moetsje mekoar oan ‘e súdeastkant fan ‘e Litsbrêge. Op it wetter, de Lits, wurdt it sicht fan ‘e Mar ôf foar it measte bepaald troch it wettersportbedriuw mei jachthaven en de Komerk en fan ‘e Leienskant ôf springt it iepen feangreide gebiet yn ‘e each.
Foar dat lêstneamde gebiet, en dan doele wy op de eastkant fan ‘e Lits, is in pear jier ferlyn in plan presintearre op in gearkomste fan Doarpsbelang. Dat plan koe der foar in oantal doarpsbelangleden net op troch en waard min-of-te-mear fan tafel fage.
Eins hienen de plannemakkers sa’n ôfdijer net ferwachte. Mar miskien wie it ek wol omdat de gearkomste op syn ein rûn en men nei hûs woe… It gie om de persielen fan Douwe Brouwer oan ‘e súdkant fan ‘e rûnwei. Dochs hat dit gebiet mooglikheden om better foar ús hiele doarpsbefolking ta syn rjocht te kommen. Dêrom is der no in ‘inisjatyfgroepke’ dwaande mei it neigean fan dy mooglikheden. Dat bart ûnder de wurktitel ‘Entree Eastermar’. Mei help fan saakkundigen fan ‘e Koninklijke Nederlands Heide Maatschappij (KNHM) binne in twatal ideeën útwurke. Wat de ûnderdielen fan dy ideeën binne? U.o. in kuierpaad, in rêstplak foar passearjende wetter- en fytsrekreanten, biodiversiteitsfergrutting, werombringen fan in histoarysk(e) elemint(en) en ynfo dêroer, sportfiskmooglikheden en wâloanpassingen.
De inisjatyfgroep wol dit graach foarlizze oan ‘e ynwenners fan Eastermar en neigean oft der út it doarp reaksjes op dit plan komme.
Dat bart op woansdei 20 nov. ’19 yn ‘Meerzigt’ en begjint om 20.00 oere.
Ut namme fan ‘e inisjatyfgroep, Douwe Brouwer en Wijbe Postma.
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze »