It gebou is ree, de bûtenferljochting skynt jûns oer de Hoarnst, de lift wurket, de fytshokken binne goed read ferve en de binnentún wachtet op sinne. Koartom; de 'Nije Hoarnst' is klear. Nijsgjirrige minsken stoarje troch de rúten wylst de earste bewenner al oer is. Yn byldferslach fan it gebou en in petearke mei de earste bewenner; frou Hoekstra-Weima.
De 'Nije Hoarnst' is klear, de kommende tiid sil der hiel wat meubels fan plak ferhúzje ek auto's mei karkes de Nije Hoarnstleane del komme. Op dizze side yn byldferslach.
It is even wennen, heechbou yn Eastermar, mar wy hawwe no ús eigen 'Acryllic' lykas Ljouwert.
De lift omheech nei de oerkape galerij.
In wintertún moat aansen de bewenners ta blomkjen en túnkjen sette. Sadree it 22 graden wurdt gean de rúten fansels iepen.
Elts appartemint hat ûnder yn fytsberging en der is ek in mienskiplike rûmte foar feestjes, jierdeis ensawathinne.
De redaksje hat in lyts petear mei frou Hoekstra-Wijma dy't as earste sit te genietsjen fan it útsjoch oer de fjilden fan ien heech ôf:
En, hoe befalt it jo hjirre?
"Tige nei't sin, oe sa rom en praktysk." (En dat moat yndie sein wurden, de doaren en gong binne rolstoelbreedte en frou Hoekstra hat neist in romme sliepkeamer ek in útfanhûzerskeamer.)
Hoe lang wenje jo hjirre?
"Ien dei, ik haw hjirre fannacht foar it earst slipt. In ien dei wie ik oer, sa'n protte help wie der." "Ik bin al hiel te stoel en te bank."
Fiele jo josels wol feilich? Jo wenje hjirre op dit stuit allinne.
"Jawis, ik wenne hjirre foar ommers ek alinne. En de doarren binne goed befeilige, ek de algemiene yngong ûnder."
Woenen jo wol op ien heech?
"Ik haw my fiif jier lyn lyk ynskreaun en no bin ik ien fan de earsten. Hjirre foar wenne ik op nûmer 13 en no wer!" "Ik haw der doedestiids lyk om frege om ienheech wenje te kinnen, fanwege it útsicht fansels en no haw ik ek in balkontsje." "Om wat blomkje te kinnen."
Noch ien fraach, want ik helje jo fan it tafeltsje-dekje miel ôf, haw jo wat slipt fannacht?
"Tige bêst."
Wy winskje frou Hoekstra en de oare nije bewenners fan de 'Nije Hoarnst' in soad wenwille en gesellichheid ta yn dizze Eastermarder senioareflat.
-
- Informatie
- 18 september 2024
Bridgelessen yn it Mienskipshûs
Nei oanlieding fan de workshop bridgen yn de EA Bloeiwike sille der yn de kommende winter bridgeless... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 september 2024
Wês in Krystingel yn Eastermar!
Foar de 3de kear wolle wy mei help fan ingelen de tsjustere dagen foar Kryst wat ljochter meitsje. Wy... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Eastermar is…
... de Russen komme. Dizze 'raket' is bedoeld foar in oefening. De grutte propellerfleantugen boppe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Donateursavond 'de Broekophâlder'
Geachte donateurs, Graag nodigen wij u van harte uit voor onze sponsor/ donateursavond op vrijdag 18... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2021
Nationale Balkon Beweegdag
Op vrijdag 4 juni organiseert het Nationaal Ouderenfonds de tweede Nationale Balkon Beweegdag! Ook E... Fierder lêze »