Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewipper, want âlde tiden komme werom yn Eastermar.
Gjin hanneling op ôfstân mear fan in ûnsichtber persoan dy't fia kamera's de brêge betsjinnet mar in wiere Eastermarder brêgewipper dy't soarget dat de skippen trochfarre kinne.  Alderwetske service mei in druk op 'e knop, in hân omheech mar noch krekt gjin klompke dat oerswaait nei it passearjende skip.

De gemeente sit mei de Litsbrêge al in skoft yn har mage. Foar dit seizoen (1 april - 1 oktober) binne der trije (Eastermarder) brêgewippers yn tsjinst nommen. Mar hoe't it dêrnei fierder komt is  ôfwachtsjen. It leafst wol de gemeente dat provinsje Fryslân de brêge oernimt mar dy sit dêr net op te wachtsjen fanwege de kosten. Der moat grut ûnderhâld oan de brêge gebeure en dat kostet miljoenen. Om fan de beweechbere brêge in fêste brêge te meitsjen is ek gjin opsje.
Mear ynfo yn de PDF fan de gemeente oer dit ûnderwerp.

bregehokje

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: