Ferline jier wie de brêge fan de Burgumerdaam mei de oanlis fan de Sintrale As foar it grutste part ticht. En der wie ek alle begryp foar as jo sjogge hokker moaie nije brêge mei akwadukt der dêrnei delsetten is. Mei op de brêge ek in moderne kameraferbining nei de mannen fan Skûlenboarch dy’t foar de betsjinning soargje sille. De brêgewippers sitte net mear yn Burgum.
Mar: der gong blykber wat mis. It sicht wie net goed of net feilich en dus naam medio maart de provinsje c.q. it Ryk it beslút: de brêge bliuwt ticht. Allinnich as jo 24 oeren tefoaren skilje dan komt der in meiwurker út Ljouwer en kinne jo der om eksakt 14.00 oere troch. In regeling fan neat fansels, want dêrmei sette jo de Burgumer Mar en ek ús haven op slot foar alle boaten mei in mêst fan mear as 7 meter. Elke brêge tusken de Lemmer en Delfsyl giet foar jo iepen mar yn Burgum kin gjin syljacht der mear troch. Wylst ek folslein net wis is hoelang't dat noch duorje koe.
En it ferfelende wie dat dit alhielendal net mei de gemeente, ús Doarpsbelangen, Wettersportferiening of wa dan ek kommunisearre wie. In koart stikje ferskûle op de webside fan de provinsje wie alles, gjin buorden by it kanaal. Twa kear read, dat wie alles.
Mar der is goed nijs. Nei wat druk fan wettersporters, pleatslike riedsleden en no ek de gemeente hat de provinsje juster tasein dat yngeande 22 july de brêge permanint (8.00-20.00 oere) betsjinne wurdt troch twa brêgewippers oant de kamerabetsjinning it feilich oernimme kin. De twa reade ljochten geane dus út, Eastermar is wer berikber, de haven rint wer fol, de skûtsjes kinne komme foar “Skûtsjesile yn de Wâlden”.
-
- Informatie
- 01 februari 2023
Schade vanwege bodemdaling door gaswinning?
In Tytsjerksteradiel zijn in de regio van Eastermar zorgen dat bodemdaling door gaswinning zorgt voo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 maart 2022
Stim fan Fryslân jout romte oan stim fan ynwenners
Ynwenners fan Fryslân wurde mear belutsen by wêr 't de oerheid mei dwaande is. Oft it no giet om de... Fierder lêze »