- Kategory: Doarpsûntwikkelingen
- Publisearre: 08 maart 2009
Waterspeelplaats Eastermar
Â
Sa't in oantal fan jimme, benammen de minsken fan It Hôf, al fernaam ha, is der op 't stuit in grutte kraan dwaande mei in saneamde 'Waterspeelplaats' of wetterboartersplak achter it Hôf.
Ut namme fan de gemeente, de opdrachtjouwer, wurdt dêr in moaie wetterpartij oanbracht. Mei namme simmerdeis sil dat in alderaardichst plakje wêze om ris wat te kuierjen. It is no noch wat in rommeltsje, mar fierderop kinne jimme sjen hoe 't it wurde sil.
Hjir in plaatsje fan de einsituaasje:

Â