Stedmapaad iepene

Freed 30 maaie wie de grutte dei foar Stichting Rom Paad.
It wie it momint dat de Stichting har offisjeel presintearje soe. Ek waard it Stedmapaad iepene én de nije hiemside soe online komme.
De iepening fan it kuierpaad waard ferrjochte troch in moaie trijekaart: de deputearren Anita Andriesen en (doarpsgenoate) Tineke Schokker fan de provinsje, en wethâlder Maaike Prins fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Image
Op wei nei it Stedmapaad


Yn Hotel Meerzigt fûn de offisjele presintaasje fan Stichting Rom Paad plak. Dizze stichting, yn oktober 2007 oprjochte, wol âlde paden, reden en swimmersplakken yn de omkriten fan Eastermar werom bringe en tagonklik meitsje. Mar ek nije paden en kanorûtes hearre ta de mooglikheden.
Dernjonken hâldt Rom Paad har dwaande mei it stypjen fan it ûndersyk nei toponimen: de lânnammen om Eastermar hinne. Troch by stikken lân, dêr't de namme fan bekend is, in pealtsje mei dy namme te pleatsen en dizze toponimen mei útlis ek te pleatsen op har webside, wol de stichting de nijsgjirrigens nei dizze nammen stimulearje. "It soe skande wêze as al dy histoarje ferlern gean soe", sei foarsitter Johan Kroes.

Dêrnei gie de webside online: www.rompaad.nl

Image
buordsjes yn de lannen mei de nammen


Nei de presintaasje wie der in kuiertocht fia de Komerk en de Achterwei nei it begjin fan it Stedmapaad. Dit paad begjint krekt nei de sportfjilden. In wringe, in âlderwetske hikke dy't karakteristyk is foar de Wâlden, foarmet it begjin fan it kuierpaad. Troch waarsomstannichheden yn it foarjier is it paad noch net ôf, mar wannear't it hielendal klear is hat Eastermar der wer in prachtich 'ommetje'by.


Hjir en dêr wurdt de namme Doutzen Kroes neamd yn ferbân mei dizze stichting. En yndie, har namme is as adviseur en sponsor oan Rom Paad ferbûn. Mar de stichting stiet fierder op harsels en hannelet op selsstannige wize. "It giet ús net om it besit fan lân", fertelt rintmaster Atse Atsma. "Wy besykje troch de oankeap fan strategyske grûn in ûnderhannelingsposysje te krijen by in kavelruil, sadat wy âlde en nije paden tagonklik meitsje kinne."

Image
Offisjele iepening mei help fan in 'wringe'


Mear ynformaasje oer Rom Paad, oer 'ommetjes' -wêrûnder twa fan de Wurkgroep Kuierpaden Burgum e.o.- en oer de toponimen stiet op earderneamde webside.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe