Dan tinkt men dat ús doarp alles al hat. Mar dat is net sa, want in wier museum wie der noch net. Dat sil oars want fan 6 july ôf hat Eastermar in bernebibelmuseum!
Halbe en Joke Westerhof sparje al fan 1988 ôf bernebibels. De kolleksje is sa grut wurden dat de tiid no ryp is foar in permanente útstalling. Dit hat syn plak fûn yn de grutte skuorre fan de Westerhof's oan de Kleine Hornstweg 8. Yn de skuorre stean twa oaninnoar keppele blokhutten en tegearre foarmje sy in prachtich ferljochte romte fan 10 by 5 meter.
Hjir fynt de mânske kolleksje fan wol 300 bernebibels har plak. Yn de fitrine en op skappen binne de meast bysûndere eksemplaren yn te sjen. De âldste bibel is fan 1818.
Mar der is mear te sjen en te dwaan. Sa binne der allerhande fideo's en DVD's te sjen, der is boartersguod en bern kinne kleurje oan in spesjale kleurtafel.
Joke is iepen op tongersdei en freed fan 15 oant 21 oere en op ôfspraak.

kinderbijbelmuseum.jpgKinderbijbelmuseum 'HeJe'
Kleine Hornstweg 8
9261XR Eastermar
tel 0512-471962
e-mail:

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe