IMG 20200601 WA0003

Likernôch in jier nei it yntsjinjen fan it boargerinisjatyf om de rydrjochting fan it stikje Beimastrjitte tusken ’t Breed en Meerzigt om te kearen, sil dat meikoarten wêze. De fraach dy’t sa’n 90 doarpsgenoaten en oare ynteressearden doe oan ‘e gemeenterie foarleinen, kriget yn de kommende wiken syn antwurd.

Moast dat no wier salang duorje om dy pear buorden om te setten? It antwurd is ‘ja’, want ried, kolleezje fan B&W, plysje en amtlike organisaasje moasten de hiele proseduere dy’t by sa’n boargerinisjatyf heart, hiel krekt útfiere. En elk fan ús wit dat dy mûnen net sa rap mealle…

It sil it de ûnderskriuwers fan it inisjatyf, dat ek stipe waard troch de toeristeferiening TIP- Eastermar Promoasje, deugd dwaan dat no it moaiste stikje fan ús doarpskearn by de ynkommende gasten en doarpsgenoaten it earste is dat se fan ús karakteristike buorren sjogge.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen