In wykmennich ferlyn hat de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad in ekstra foarsjenning krige. Mei help fan leden fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar (B.F.E.) hat doarpsgenoat Erik Lahuis entree-roasters oanlein. Dy binne bedoeld om de ‘ynsleep’ fan modder en sân yn de koai foar te kommen. Dat sân en dy modder wurde ntl. yn de groeven fan de koaiflier fêstrûn en dat keart in goeie ôfwettering.
De oanbrochte roasters soargje derfoar dat in part fan it sân en de modder dy’t yn de skuonprofilen fan de brûkers sit, ûnder de roasters falt. Dat it helpt docht wol bliken út de bult dy’t der no – nei 3 wiken gebrûk – ûnder weikaam is. It moaiste soe wêze dat dyselden dy’t yn ‘e fuotbalkoai komme har skuon efkes skjinstampe op dy roasters.
Erik Lahuis hat de roasters beskikber steld en meiholpen by it pleatsen dêrfan. Dus: Erik, hartstikke betanke foar dyn tiid, dyn ynset en it materiaal!
roaster fuotbalkoai 1roaster fuotbalkoai 2

Ut namme fan ‘e B.F.E.,
Wijbe Postma

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen