Tajûn, it mocht earder ek al net, mar op de fyts de Bûtlansreed del is net mear mooglik. Buordsjes oan it begjin fan de Boarstleane en de Piter Johanneswei moatte toeristen en natuerleafhawwers warskôgje dat men justjes fierderop mei de fyts net fierder kin. Oan beide yngongen fan de Bûtlansreed binne stekjes pleatst, sadat sels ien mei de fyts oan 'e hân der net mear del kin. Dêrmei is de tagong nei ien fan de moaiste stikjes om Eastermar hinne in stik beheinder wurden.

By Doarpsbelang binne al ferskate telefoantsjes binnenkaam oer de sitewaasje, want ek foar minsken dy 't lichaamlik beheind binne of foar minsken mei in bernewein is de tagong no ôfsluten. Doarpsbelang hat der lykwols neat oer te sizzen omdat it gebiet ûnder Steatsboskbehear falt.

Foar hynders is der skynber gjin probleem, de 'paardenstoel' (rûtewizer foar ruters) wiist noch hieltyd netsjes de kant fan de Bûtlansreed út...

(It warskôgingsbuordsje oan de Boarstleane is op dit stuit trouwens ferdwûn.)

Image
Tagong fan de Bûtlansreed

Update: Underwilens is der in reaksje fan distriktshaad Arend Timmerman, út namme fan Steatsboskbehear regio Noard, wêryn't te lêzen is wat de reden is foar de beheining fan de tagong ta de Bûtlânsreed. De reaksje is hjirûnder yn syn gehiel te lêzen troch op it SBB-dokumint te 'klikken'.
reactie_staatsbosbeheer_1.jpg reactie_staatsbosbeheer_2.jpg

Update 14-09-07:
De offisjele reaksje fan Doarpsbelang is te lêzen yn de BREEDút doarpskrante dy' t moandei online stiet. It measte oer dit ûnderwerp is no wol sein en skreaun. Dêrmei slute wy de mooglikheid om op dit artikel te reagearjen ôf. (red.)

Reacties (12)
1. Geschreven door Gaatse en Fokje., op 19-07-2007 11:38
Wat jammmer dat dit samar kin yn Eastermar,ien fan de mooiste stikjes samar ofslúte foar fytsers en berneweinen.. Kin Staatsbosbeheer ús miskien ek útlizze wat de reden is foar dit ôfslúten, dan kinne wy der miskien wat begrip foar opbringe.

2. Geschreven door kees, op 19-07-2007 17:14
er is geen echte reden voor ben ik bang. pad is immers ruim zat. ziet maar 1 achter en sommigen kunnen wel raden wie.
het is dood en doodzonde ja, want wees nou eerlijk, een fietser vernield niks, niks meer of minder dan een wandelaar.
maar we hebben het maar te pikken ben ik bang.
of anders heel erg gaan slijmen bij sbb. misschien helpt dat nog.

3. Geschreven door greetje Brouwer, op 20-07-2007 23:47
Wat Arend Timmerman hjir mei foar hat is my in riedsel. De inkele motorrieder kin it neffens de oanwenjenden net wèze want dat komt hast net foar. De rúter dan?In bern op in pony de tagong wegerje?Binne jo no net wizer? De fietser dan? Moatte wy no sa? Op oare plakken yn Fryslân docht Staatsbosbeheer dat net, de organisatie wol ticht by de minsken stean, en hat neist in paed mei in peal romte foar fietser en oare fuotgongers. Wy wegere net gau minsken fan Staatsbosbeheer oer ús lân mar as dat sa bliuwt?

4. Geschreven door Kees, op 21-07-2007 20:10
Dit is niet het enige machtspelletje van die mijnheer van staatsbosbeheer. Misschien gaan de ogen nu bij anderen ook eens open.
Ik hoop dat de situatie weer veranderd wordt (is wel vaker tig x veranderd) en er wer fietsers en pony's etc. langs mogen.
Het is gewoon pesterij en macht.

5. Geschreven door Arend Timmerman, Seadwei 6 tel, op 01-08-2007 14:57
Gaatse en Fokje zijn nu ook geinformeerd. Ik hoop dat ze respect kunnen opbrengen voor het besluit. Greetje Brouwer is zelf een \"riedsel\". Het is jammer dat een dame van nivo nog steeds niet weet dat in de tegenwoordige tijd besluiten van organisaties (zoals SBB) nooit door één persoon genomen worden. Het is altijd teamwork. Het is wel eervol dat mij zoveel bevoegdheid wordt toegedacht. Dank je wel Greetje. En wat het land van de familie betreft daar hebben medewerkers van SBB niets te zoeken. Het bedoelde pad is een initiatief van de Vogelwacht die in samenwerking met SBB graag een aparte wandelroute met gids voor de Eastermarders en anderen wilde realiseren. Een mooie ontwikkeling waaraan het districtteam van SBB Noord Fryslân graag haar medewerking verleende. Recent is - Staatsbsobeheer werkt mee aan heel veel paden - ook nog met medewerking van datzelfde team het Kroesepaad uitgebreid zodat sinds kort een extra wandelverbinding is ontstaan met de Tike.
En Ja Kees: met anonieme reakties kan ik niets. Dat zijn doorgaand stokers die de waarheid graag voor eigen gewin geweld aan doen.

6. Geschreven door Klaas en Kees, op 01-08-2007 19:31
Arend, hoe kan jij nu weten wie een anonime reaktie plaatst! Je hebt vast alles opgevraagt!!
Maar goed, ik kan gewoon niet begrijpen dat het jaren gewoon allemaal maar gedoogt wordt, en nu ineens er wel planken voor staan!
EEN BORDJE MET SLECHT PAD BETREDEN OP EIGEN RISICO IS VOLDOENDE LIJKT MIJ, EN DAN BEN JE HELEMAAL INGEDEKT!
Maar er zullen wel andere bedoelingen mee zijn voor in de toekomst!
En leuk zo'n Kroesepad, de buurman (de Jong) die jarenlang zijn hond aan de waterkant uitliet, mag nu daar niet eens langs lopen. Raar toch, een hond aan de lijn dat zou toch best moeten kunnen?????
7. Geschreven door Swaan Postma, op 02-08-2007 12:19
De reaksje fan Steatsboskbehear yn de persoan fan distriktshaad Arend Timmerman, is dúdlik: krekt as altyd moatte de goeien it belije. Mar... hie it net ferstanniger west as SBB it dêrby litten hie?
De persoanlike reaksjes fan Arend Timmerman as doarpsgenoat op lilke en dus net altyd like nuansearre útlittingen fan oare doarpsgenoaten, docht én SBB én Arend gjin goed. As persoan en wurk sá meimekoar fergroeid binne, falt it net ta om in dúdlike skieding oan te bringen. Net troch de persoan sels, mar ek net troch de minsken dy’t teloarsteld binne yn it belied fan SBB (= yn har eagen Arend Timmerman).

8. Geschreven door albert, op 06-08-2007 16:05
gewoon 2 x de fiets optillen.....
take it easy....

9. Geschreven door Hilda, op 08-08-2007 22:44
Gelukkig kunnen paarden ook springen;)
Jammer dat we er niet meer normaal langs kunnen, het was een heerlijk rond om bij zonsondergang te maken.
Ook voor de manege zal dit een domper zijn. Zij moeten nu met de kinderen langs de weg om een buitenritje te kunnen maken.

10. Geschreven door Geartsje Leistra, op 29-08-2007 19:05
Ik bin ferbaasd oer it ôfsluten fan de Butlansreed.
It kin dochs net de bedoeling wêze dat je alles foar in loutere oertrêding dingen ofslute.
Ik tink dat elsenien foar him sels wol beslisse kin ,as men mei de bernewein,rolstoel of hege hakken oer it paad rinne kin. Sa nou en dan in ruter tsjin komme is ek neat mis mei.
It buord wandelpad lyke mei wat oerstallich. Minsken witte faaks wol dat de pealtsjes mei blauwe en reade streken deselde betsjutting hawwe.
Al mei al kin dit dochs net it belied weze fan SSB. (In publyke organisaasje)

11. Geschreven door Lisette, op 29-08-2007 19:06
In plaats van dat jullie de oorzaak van dit gevolg aanpakken lees ik alleen maar verwijten aan het adres van SBB (vooral aan het adres van de heer Timmerman terwijl deze alleen maar zijn werk doet en dus dat uitvoert wat hem opgedragen wordt, net als ieder ander die werkt...)
Dat is natuurlijk ook wel de makkelijkste weg, en de kortste... Maar ook de meest laffe en luie. In plaats van dat jullie Eastermarders de motorrijder aapakken gaan jullie lopen klagen dat er een stukje natuurgebied is afgeschermd tegen deze vernielzuchtige machine en vooral zijn berijder. Deze motor hoort niet op onze zandpaden. Ergens las ik dat iemand schreef \'ach, wat maakt die ene motor nou uit?\' Heel erg veel, zo tolerant zijn we dus. We geven een vinger en ze grijpen de hele hand. Voor je het weet zijn de Achterweg en de overige zandpaden veranderd in racebanen. Is dat de bedoeling??? Ik wil daar rustig kunnen recreëren zonder dat ik kans loop een of andere idioot tegen te komen die mijn kinderen kan aanrijden en mijn rust verstoord.
Het besluit van SBB is misschien wel wat direct, maar voor dit moment de beste oplossing. Wie weet, als de motorrijder gepakt is, het stukje pad weer toegankelijk wordt voor iedereen...

12. Geschreven door Appie, op 14-09-2007 13:50
It kin dochs net sa wêze, dat sa\'n grutte organisaasje as it SBB it hiele doarp en harren toeristen straft om\'t ien motorrider blykber skea tabringt. Dat moat dochs wol oars op te lossen wêze, soenen jo sizze. Tige spitich dizze hiele gong fan saken. Wat it kommentaar op de heer Timmerman sels oanbelanget, elk wurdt ôfrekkene op syn/har dieden. Ik wol net altefolle âlde kij út de sleat helje, mar de graafwurksumheden by Eppie Borger foar hûs, binne aksjes dêr\'t jo de Eastermarders mei tsjin jo yn it harnas jeie. De reaksje fan de heer Timmerman sels en guon reaksjes fan oaren op dizze site fûn ik net sa sterk. Swaan Postma hat dat neffens my hiel moai sein. Ik hoopje dat dit hiele gedonder SBB net al te folle stipers kostet. Sels binne wy der ek (noch) lid fan. Miskien kin it doarpsbelang der by de top fan it SBB achter komme hoe\'t de foarke no krekt yn de stâle sit.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe