Ofrûne freed waard offisjeel de betsjinning fan de Eastermarder brêge oerdroegen oan de provinsje. Troch de doarpsfeestaktiviteiten hat dit barren net folle omtinken yn it doarp krigen.
Wethâlder Maaike Prins fan Tytsjerksteradiel en deputearre Jannewietske de Vries tekenen foar de oerdracht, wylst wethâlder Houkje Rijpstra de eare krige om symboalysk it klompketouke troch te knippen (foto's).

De brêge fan Eastermar wie de iennige brêge dy't hânmjittich betjsinne waard op de Lits-Lauwersmarrûte. Bysûnder is no dat der gjin skoft mear sit yn de iepeningstiden omdat de brêge op ôfstân betsjinne wurdt fanút it nije brêgehûs op Skûlenboarch. Ek it brêgejild en dêrmei it klompke is ferline tiid. De provinsje hopet hjirmei it wettersportferkear te stimulearjen.
It brêgewippersechtpear Bouius kin no offisjeel mei pensjoen.

Image

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe