De waarmte fan de ôfrûne dagen kaam perfekt út: it iisbaanterrein fan 'e Komerk is no droech genôch om der mei grut materieel op te kinnen. De toplaach wurdt fan it lân ôfhelle omdat dit hielendal 'ferfilte' wie en it definitive gers der net trochhinne komme koe. Boppedat hâlde de toplaach it wetter tsjin. Nei alle gedachten hat de oarsaak in ferkearde gerssoart west dy't yn de modder siet dêr't de iisbaan mei oanlein is.
Mei it ferwiderjen fan de toplaach wurdt de baan fuortendaliks flak makke, want dat is op dit stuit noch net it gefal.
Dizze wike wurdt der nij gers ynsiedde en komt der keunstdong op. En no mar hoopje op in buike en dat it 11 maaie allegear wer moai grien is.

Boppedat sil der ek noch in topasfaltlaach op it kuierpaad om de iisbaan hinne oanbrocht wurde.
Mocht de iisbaan wiet bliuwe en slagget it net om de drainaazje goed op gong te krijen (der lizze wol sân ferskillende lagen op de baan), dan hat de oannimmer noch wol in pracht fan in maatregel achter de hân: wjirms.

Image
it wurk op 'e Komerk, op 'e foargrûn wurdt in grûnmeunster nommen

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe