Yn in animearre ledegearkomste fan Doarpsbelang waard bekend makke wat tenei de offisjele namme fan it 'Klustermargebou' wêze sil: De Kjellingen. De namme waard bekend makke troch Jacoliene Maat, regiodirekteur fan 'Corporatieholding Friesland'.
Arend en Aukje Timmerman fan de Seadwei ha de namme betocht en dus in ballonfeart wûn!

Auk Timmerman jout de folgjende ferklearring foar de nije namme:
De Kjellingen is in ferheging yn it lânskip dêr’t sa’n sântûzen jier lyn minsken har nei wenjen setten. Ek doe al wie Eastermar in gaadlik plak om te wêzen. Swiet wetter by de rûs mei in protte fisk deryn, grutte en lytse bisten yn ‘e bosken en fjoerstien yn ‘e grûn om ark fan te meitsjen. In mienskip mei minsken fan alle leeftiden, dêr’t jong fan âld learde, dêr’t de minsken soarch foar elkoar hienen.
Dat past dus krekt by de opset fan it projekt ‘Klustermar’.

It gebou is in ferheging yn it doarp. De pjutten krije dêr in plakje, de skoallen arbeidzje ienriedich op, wol it mei de sûnens net hielendal dan kinne jo dêr ek te plak en boppe komme der wenten dêr’t ek âlderen teplak binne. Op ‘e nij in mienskip dêr’t alle leeftiden byinoar libje, kennisoerdracht plakfynt en feardichheden oanleard wurde. Op de skoallen, mar ek troch de ferhalen en help fan pakes en beppes.

De namme foel by de oanwêzigen tige goed. "Zelfs voor een niet-Fries goed uit te spreken," wie frou Maat fan betinken.

Image
Aukje Timmerman (rjochts) kriget de priis oerlange

 

{easycomments}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe