Fiif jier lyn op 11 maaie waard rekreaasjeterrein de Komerk troch boargemaster Polderman iepene.
Wy binne al wer sa gewoan oan dizze geweldich moaie passantehaven en iisbaan, dat it folle langer liket as dy fiif jier. It buordsje op de Komerk (foto) wurket betiizjend want dêr stiet it jiertal 2006 op. Mar dat jiertal slacht op de ûntjouwing fan de Lits-Lauwersmarrûte sels.

iepening de Komerk

 

It waar yn 2007 wie al like min as no, it waaide dat it rikke en wy hâlden it dy dei net hielendal droech. Mar al mei al wie it in hiel feestlik barren mei feesttinte, taspraken, muzyk, in samling sleepboaten yn de haven en de oare deis in moarnsbrochje foar passanten en ynwenners.
En ek al hat men sels gjin boat, dochs kinne Eastermarders alle dagen genietsje van dit moaie terrein, want it is sa'n aardich kuierke om de iisbaan hinne. Ek it nije plak fan it doarpsfeest op it Komerkterrein is in boppeslach. Men kin wol sizze dat yn dy fiif jier de Komerk in grutte bydrage levere hat oan it positive imago fan Eastermar. De harkers fan Omrop Fryslân wienen foarich jier  fan miening dat de Komerk de moaiste passantehaven fan Fryslân is. In bettere reklame is hast net mooglik.

Noch earder werom wie it de Stifting PAREL dy't de plannen foar de Komerk presintearre op in gearkomste fan Doarpsbelang. Benammen it eilân mei 'strewelleguod' midden yn de iisbaan wie doe in ûnderwerp dêr't noch lang oer neipraat waard...

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe