It inisjatyf kaam fan Herman en Lineke van der Meer fan Drachten dy't faak mei de boat, de 'Frosk 1', yn de Komerk lizze. Hja hiene in wiidweidige mail stjoerd nei Omrop Fryslân mei harren argumintaasje wêrom't de Komerk nominearre wurde moast as bêste lisplak fan Fryslân. De Omrop pikte harren mail der út en sa kaam de Komerk mei de Prinsetún yn Ljouwert en de Krúspôle op de Fluezen op de nominaasje te stean.

Dêrnei wiene de harkers oan bar en koene in stim útbringe op www.simmerynfryslan.nl. En wat waard it spannend. Op tongersdeitemiddei stie de Komerk op twa. Mar deselde jûn noch wie de Komerk de Krúspôle foarby. Mar noch wiene wy der net want ek in saakkundige, Jan de Jong fan it Wettersportbûn, soe punten útbringe. Doe't dy in gelikens tal punten oan de Komerk en de Krúspôle joech, wie it spultsje dien en de Komerk waard ta winner útroppen. De priis is in moaie oarkonde fan Omrop Fryslân.

ABA_5021

In noch moaiere priis is de fergese PR fansels, want "Eastermar wist it al, mar no wit de hiele wrâld it". Dizze wurden waarden yn in koarte taspraak útsprutsen troch Elle Hoekstra, foarsitter fan Stifting de Komerk, dy't spesjaal foar de gelegenheid fan fakânsje weromkaam wie. Want fansels moast it winnen fan de priis wol efkes fierd wurde. Dat barde by it havengebou dêr't net allinne belutsen Eastermarders foar útnoege waarden, mar ek alle boatsjeminsken dy't op dat stuit yn de haven leine. Havenmaster Albert Kieft, altyd like fleurich en entûsjast, betanke eltsenien dy't him ynset hie om dit alles mooglik te meitsjen. De boatsjepassanten krigen ek noch in lyts oantinken yn de foarm fan in Eastermarder flachje foar op de boat.

En Herman en Lineke dy't der spitigernôch net by wiene, hawwe ek noch in priis wûn fan Omrop Fryslân: kaarten foar it Glemmer Beach festival.

Links: http://www1.omropfryslan.nl/82522/Komerk-beste-lisplak.aspx

 

ABA_5018

ABA_5048

ABA_5035

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe