Yn de BREEDút fan maaie wie it al oankundige:

"Op koarte termyn wurde de pealtsjes en de parkearoantsjuttings fan it Breed ferwidere en komt der in parkearferwizing nei de Komerk. Om tefoaren te kommen dat minsken har auto dochs op de âlde plakken delsette, komme der op strategyske plakken balstiennen op it Breed. Nei de simmer komt der in evaluaasje oer de effekten fan dizze earste oanpassings en sil der in defintyf plan makke wurde dat dan yn fazen syn beslach krije sil."

De gedachte wie dat in tal frijwilligers út it doarp de pealtsjes weihelje soe, mar úteinlik hat de gemeente dochs sels oan 'e gong west.  Ien en oar komt moai út yn ferbân mei it kommende Beachbarren. De fjilden kinne dan wat rûmer útset wurde.

Der mist no noch wol in ferwizing nei de Komerk foar it parkearen, mar ek dat sil grif ynoarder komme. "It docht suver wat Frânsk oan", wie ien fan de reaksjes op de feroarings.

breed-autoluw

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe