×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Wettersporters hâlde har noch hieltyd net oan de wet. Dêrom sil Wetterskip Fryslân dit jier aksjefiere om it boatsjefolk sa fier te krijen dat it net mear poept en pisset yn it oerflaktewetter. It is al lang ferbean mar de minsken dogge it noch hieltyd. It húske yn in boat moat loaze yn in smoarchwettertank dy't yn jachthavens lege wurde kin. It Wetterskip hat dêrom in folder makke dy't yn alle Fryske jachthavens útrikt wurdt oan passanten.
Ut ûndersyk docht bliken, dat trijekwart fan de boatsjes oer sa'n tank beskikt, mar dat der amper gebrûk fan makke wurdt. It Wetterskip siket de wettersporters fan 't simmer ek op mei in boat om te praten oer de problemen.

Eastermarder Havenmaster Albert Kieft stiet der fansels hielendal efter... En ik tink alle Eastermarders en toeristen dy't wolris op it swimmersplak yn 'e Mar omspatte. Stel je foar dat der sa'n ... foarbydriuwen komt! 
Op de foto: Albert mei Rients Buwalda fan Wetterskip Fryslân. Harkje hjir nei in audiofragmint (boarne: omropfryslan.nl)
bron foto: omropfryslan.nl

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe