×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Op de side fan de gemeente Tytsjerksteradiel is te lêzen dat de belangstelling foar de nijbou-wenten yn Eastermar tige grut is. Grutter sels as lêsten yn Hurdegaryp. Foar ús, Eastermarders, is dat fansels net frjemd...
Foar de seis boukavels binne der 37 gadingmakkers. Kommende tongersdei 5 novimber sil notaris Dantuma lotsje.
Foar de yn totaal seis keapwenten is der belangstelling fan mar leafst 62 kandidaten. Dat wol sizze: foar de fjouwer starterswenten binne der 32 en foar de oare twa ek noch ris 30! De starterswenten binne al tawiisd.
It moaie is dat hast alle belangstellenden út it doarp komme; it is fansels tige by tige dat Eastermarders blike litte dat se net graach út it doarp wei wolle, en op de nijbou lokaasje in plakje sykje.
UPDATE: De lotting hat freed west. Foar de minsken dy't har nûmer witte:  De útslach is hjir te lêzen.
kavels

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe