×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Wa kin him noch de tiid yn 't sin bringe dat der gjin (Rabo)bank wie yn ús doarp? Meikoarten liket der in ein oan dy Eastermarder bankhistoarje te kommen...
De pin-automaat bliuwt gelokkich wol.

It kantoar yn Eastermar, ûnderdiel fan 'Rabobank Burgum-De Lauwers', krige noch mar 24 minsken wyks oan de baly. Ek yn oare plakken yn noardeast Fryslân sille in tal kantoaren slute.
Undernimmers yn it doarp binne min te sprekken oer de sluting. Net allinne is der dan in foarsjenning minder yn it doarp, mar om jild te stoarten sil men tenei nei Burgum of Drachten moatte.

It gebou oan it Breed sil nei alle gedachten ferkocht wurde. Doarpsbelang is al frege om nei te tinken oer in oare bestimming fan it pân.

Rabobank Eastermar

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe