By 't opromjen fan de folderpost fan de fam. Tjoelker kamen yn de garaazje in stik as wat âlde folders foar 't ljocht. Neffens Feike Hamstra moatte de folders fan krekt nei de oarloch wêze.
Aardich om te sjen dat der eins neat feroare is yn al dy tiid. 'Het mooiste Watersport- en Wandelgebied in Friesland' wie doe de slogan en dat jildt noch altyd.
De ynformaasje giet oer wat men hjir yn 'e omkriten allegear dwaan koe: 'wandelen, fietsen, zwemmen, zeilen, roeien en kanoën'. Dit komt ús tige bekend foar.
Op de oare kant stiet in plattegrûn fan Eastermar en de twa marren. Advertearders soargen der mei foar dat de kosten fan de folder net te heech wienen.

Eins is www.tip-eastermar.nl neat oars as dyselde folder, mar dan in elektroanyske ferzje, sis mar...

Alde folder Eastermar
Folder fan krekt nei de oarloch

Ofskied fan de fam. Tjjoelker

De fam. Tjoelker kriget in blomke fan it bestjoer fan TIP by it ôfskied fan de folderpost. (foto Albert Kieft)

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe