t wettersportseizoen sit der wer op. Us passentenhaven is sûnt 1 oktober sluten. Tiid op de balâns op te meitsjen.
Dit jier hat in útsonderlik jier west. De nije passantenhaven wie noch net klear en passanten moasten oanlizze by de brêge. Neffens ferskate reaksjes moatte der aardich wat skippen trochfean hawwe.
Brêgewipper Douwe hat as oansprekpunt foar in protte passanten wol syn bêst dien om skippen yn it doarp te hâlden. Famylje de Jong fan de Sumarderwei hat dit jier 'gasthear' west. De boatsjeminsken koene op harren hiem te plak foar de nedige sanitêre foarsjennings.
As wy dan nei de sifers sjogge, dan falt it noch mei. It tal skippen is net iens safolle leger as foarich jier. Yn maaie hawwe wy de measte passanten misse moaten. En dat is achternei wol logysk want op dat stuit wie it op de Komerk noch in dikke bende. Foar passanten seach dit der doe net sa oantreklik út; reden om troch te farren.
Oare jier is wurdt it spannend, dan sil it tal boaten omheeck moatte. Op de Komerk is plak foar 30 skippen.

cijfers-haven.gif

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe