Nei de boufak is it folop aksje yn 't doarp. Ien fan de dingen dêr 't men mei dwaande is, is it oanbringen fan nije beskoeiing yn it Waltjse. No sjogge Eastermarders dêr net sa nuver fan op, want men is nei it Komerkprojekt wol wat wend.
It liket derop of hawwe de mannen mei úteinsetten wachte oant nei it Easterbarren. Gelokkich mar, oars hie de skilderworkshop op it strjitfestival (lokaasje it Breed/einde Waltsje) hiele oare bylden opsmiten.
Ek al lykje de wurksamheden bot op de gong fan saken tidens de 'ferbouwing' fan it iisbaanterrein, dit i in gewoan ûnerhâldsprojekt fan de gemeente en hat fierders neat mei Europeeske subsydzjes en de stifting Parel te krijen. Dat jildt trouwens ek foar de nije beskoeiing oan de Snakkerbuorren. Wol is it sa dat it wurk op dit stuit útfierd wurdt omdat al it materiaal en masjines hjir dochs al binne.
It brechje leit der fanwege it wurk even út. Bewenners oan de ein fan it Waltsje moatte wat faker omrinne.

waltsje-beskoeiing.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe