Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gewoante: “Even om in fiskje”. En no’t it boerd ‘P op woensdag vrijhouden’ ek ferdwûn blykt te wêzen, begjinne guon fiskleafhawwers harren wat soargen te meitsjen. A&S Vishandel komt dochs wol wer?
It antwurd is dat de fiskboer en -frou troch sykte in skoftsje net oan’t wurk kinne. De fiskboer blykt long covid te hawwen, dus it kin noch wol even duorje ear't, by it opriden fan de Beimastrjitte, de rook fan bakte kibbeling jo wer temjitte komt. En it mystearje fan it ferdwûne P-boerd? Dat is út foarsoarch mei âld & nij fuorthelle.
Om’t dizze twa hurdwurkjende middenstanners eins ek in bytsje Eastermarder binne, is it miskien in idee en stjoer harren in betterskipskaartsje. Dit kin nei Visboer S. Storm, Buorren 1, 9223 LB Houtigehage of fia Facebook: https://www.facebook.com/ASVishandel
-
- Informatie
- 19 april 2025
Dodenherdenking op 4 mei
Op 4 mei is er weer de jaarlijkse dodenherdenking bij de Ald Toer op it Heechsân. Dit jaar is dat op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 06 september 2024
Bloeivolle verhalen activiteiten
Tijdens de Bloeiweek hebben Loltsje, Aukje, Ant, Wijbe, Ypie en Iris Eastermar laten zien en horen h... Fierder lêze »