Nei ca. 1250 km en 20.000 hichtemeters binne nei 8 dagen ús jonges Edou, Eit en Minne mei har ploech Asap for life yn Valkenburg oer de finish kaam. In superprestaasje!
f.l.n.r. Edou Ritsma, Eit Jonkman, Jan Friso Speerstra (Burgum) en Minne Okkema
It wie ôfsjen. Etappes fan 160, 190 en 220 km en dat eltse dei. Lêst fan knibbels, rêch, nekke en kont. Mar de 'Artsen zonder grenzen' dêr't dizze tocht foar riden waard, jouwe ek gjin belies. Belies jaan wie foar ús jonges ek gjin opsje.
Om in yndruk te krijen fan wat ús jonges meimakke ha, sjoch op de side fan 'Tour for life' foar filmkes en de rûte dy't se ôflein ha. Foar de foto's fan hjoed klik hjir.
Sels yn Valkenburg is der in dyk mei Eastermarders. Prachtich waar en pikefel.
-
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 januari 2023
Kuiertocht bij volle maan met stamppotbuffet tussen de koeien in de stal
Kom op zaterdagmiddag 7 januari wandelen in het Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden.Het word... Fierder lêze »