Yn febrewaris 2019 namen wy, Raimondo Drent en Henk v.d. Veen, mei noch twa teams út Grinslân diel oan de Crazy Carrun. In tocht mei âlde auto's troch in oantal Alpelannen mei ûnderweis opdrachten dy't yn it Roadbook beskreaun stiene. De opbringst wie foar kankerûndersyk. De yn totaal 12 dielnimmende teams hawwe meielkoar rom € 14.000,- byelkoar riden foar it ûndersyksfûns fan it UMCG yn Grins!
It idee sloech sa oan dat wy, mei de Grinslanner maten, yn 2020 in soartgelikense tocht organisearje ûnder de namme: Tour Alpine 2020. De opbringst is diskear foar KiKa/Stichting Kinderen Kankervrij.
De dielnimmende teams wurdt frege safolle mooglik sponsors te sykjen ûnder famylje, freonen, kollega's en sympatisanten om it ûndersyk nei bernekanker te stypjen. Oan no ta is al mear as € 9500,- oan sponsorjild ynkommen! It stribjen is fansels om boppe it bedrach fan 2019 út te kommen.
Op saterdei 1 febrewaris tusken 8.00-8.30 oere start de tocht yn Eastermar by Eetcafé 't Breed fan Raimondo. Nei in reis fia Dútslân, Switserlân, Itaalje en Eastenryk, einiget de tocht in wike letter, op 8 febrewaris jûns op itselde plak.
De aksje wurdt dêr feestlik ôfsluten mei in optreden fan Lytse Hille dy't op dizze wize syn stipe oan it inisjatyf jout.
Wa't ús sponsorje wol, kin dat dwaan fia www.actievoorkika.nl/team-eastermar-tour-alpine-2020
Nei de tocht wurdt it totale bedrach bekend makke.
Henk v.d. Veen en Raimondo Drent
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF