Wolle jo de Toppers ek in kear live sjen? No, dan hoege je net alhiel nei AHOY yn Rotterdam. Nee, want Eastermar hat der ek in pear, al drage se gjin blauwe glitterjassen en trede se net op mei in protte pracht en praal, se binne der wol.
It moaie is dat se fan harsels net iens witte dat se Toppers binne, mar dat binne se al en mei rjocht en reden. Jo ha miskien wolris sa’n Topper oan de doar hân; meast binne se begjin septimber aktyf. It grutste part is al sa’n 21 jier Topper, mar der is altyd baas-boppe-baas en dizze boppebaas giet al 40 jier mei…
Alie v.d. Veen
Bêste Frou van der Veen, Alie, hiel hertlik tank foar al dy jierren dat jo jo ynset hawwe foar KWF Kankerbestriding, foar it regelwurk dat jo tegearre mei Frou Trienke Hamstra dien ha om alle jierren wer de KWF-kollekte te organisjearjen yn Eastermar. We begripe dat wy noch net fan jo ôf binne en dat jo as kollektant fierder gean.
Ek foar Frou Hamstra in wurd fan tank: jo hawwe tegearre mei Frou v.d. Veen al jierren dizze kollekte organisearre en ek al 21 jier aktyf west foar de KWF kankerbestriding, en jo geane ek troch mei kollektearjen!
Alie v.d. Veen en Trienke Hamstra hawwe beide út namme fan de KWF in blomke krigen.
No is in part fan de Toppers neamd, mar de hiele groep bestiet út sa’n fiif entûsjaste froulju en allegear leverje se har oandiel: Frou A. Veenstra regelet kollektanten op It Wytfean, Frou H. de Jong is aktyf op It Heechsân en Frou G. v.d. Veen is oansprekpunt yn de buorren. Ek foar dizze froulju in djippe bûging en petsje ôf. Hja hawwe al dy jierrren in hiel soad goed wurk dien en der mei foar soarge dat it KWF ûndersyk dwaan koe en foarljochting jaan.
It doel is om der foar te soargjen dat kanker yn de takomst net mear fuort assosjaasjes opropt mei de dea, mar ta in groanyske sykte rekkene wurde kin.
Want wy fine dat de striid tsjin kanker trochgean moat!
Wy, Tjitske Zeilstra en Hetty Kramer-Zeilstra, hawwe fan no ôf it organisaasjestokje oernommen fan Frou v.d. Veen en Frou Hamstra.
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 januari 2022
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket Eastermar
Raimondo en Henk gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Ze rijden samen met and... Fierder lêze »