Op strjitte oars gjin praat. De iene hat poerbêst slept, de oare hat der fan wekker lein. Wat in bizar barren yn Eastermar!
Sûnt de grutte postcodetruck troch Rottevalle ried (ah nee, hy rydt troch!) en Eastermar de einbestimming bliek te wêzen, stiet it doarp op 'e kop.
Kameraploegen en ferslachjouwers swalkje hjoed troch it doarp, op 'e syk nei ferhalen. En eltsenien hát wol in ferhaal. Wol in lot, gjin lot. Bliid en sneu wêze, it leit allegear ticht byinoar.
Moai hoe boargemaster én noch altyd Eastermarder Tineke Schokker reagearret yn de LC en oanhellet hoe fertriet en gelok ticht byinnoar lizze troch alle foarfallen yn it doarp de lêste pear dagen.
Mar humor is der ek: Eastermar, it wachtsjen wurdich, de Stones binne boekt as iepeningsakt foar it Easterbarren, ensfh, ensfh.
In protte minsken fine it moai dat de grutte priis net midden yn it doarp fallen is. Der sil gjin grutte twadieling plakfine. It doarp bliuwt sa't it west hat, Eastermar bliuwt Eastermar!
En fansels lokwinske foar de winners op de Industriewei!
Yntusken is Mister Postcodeloterij Gaston arrivearre. Hy sprekt minsken op strjitte en yn de winkels oan. De ynterviews binne foar de útstjoerings op RTL4 (Koffietijd en 5 uur Live), foar publikaasje op de 'socials' en de radioútstjoering: https://www.postcodeloterij.nl/muziekcadeau. (Kieze foar Kanjerradio)
De radioútstjoerings wurde makke fanút Herbergh de Parel.
Freed om 16.00 oere sil it feest úteinsette. Om de spanning op te bouwen wurdt de útslach, dus hoefolle jild elts lot opsmite sil, yn stapkes bekendmakke.
Artysten lyk as André Hazes soargje der foar dat de Eastermarders út de skroeven gean sille.
Of binne wy dat eins al?
-
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Fanfare Joost Wiersma brengt 22 maart de lente bij u thuis
Woensdag 22 maart komen we weer bij u langs met diverse kleuren viooltjes. We hopen u te kunnen vera... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 december 2022
Och hea, útstjoering HEA! út Eastermar!
De lêste HEA! fan dit jier, it ferdivedaasje programma fan Omrop Fryslân, is opnommen yn it Mienskip... Fierder lêze »