IMG 6816

IMG 6813

Wethâlder Andries Bouwman kaam woansdeitemiddei (17 juny) nei Eastermar om in priis út te rikken: de gemeentlike doarpssjoernalistykpriis foar de bêste Fryske tekst yn doarpskrante of doarpswebside. Yn it ramt fan it gemeentlik taalbelied Frysk hat de Ried dizze trijejierlikse priis ynsteld en dy is no foar it earst útrikt. Dat barde by it havengebou fan de Komerk, dêr’t de TipToko ek iepen wie en dat wie net tafallich!

De gelokkige priiswinner wie Rienk Vlieger en dy hat, neffens de sjuery, in stik skreaun dat it bêste oan alle kritearia foldie: hie de bydrage foldwaande nijswearde? Doogde it Fryske taalgebrûk? Makke it berjocht wat los by de lêzers? Der hiene noch 6 oare doarpen in artikel ynstjoerd om de priis fan € 500,- te winnen, mar it ferhaal dat Rienk yn april ’19 oer de mooglike start fan ‘e TipToko op de webside set hie, wie fierwei it bêste. Rienk hat de € 500,- fannemiddei daliks oerdroegen oan de doarpswebside.

Wethâlder Bouwman ljochte yn syn taspraak – it wie syn alderearste yn ’t Frysk en dat gie him goed ôf – de achtergrûn fan dizze priis ta. It is de gemeente earnst en stimulearje it brûken fan de twadde rykstaal sa breed mooglik. Dat kin yn ’t ûnderwiis, want bern ha baat by meartaligens; yn ‘e soarch omdat je dan it tichtst by de Frysktalige soarchfreger stean, en fansels yn ynformative uteringen nei oare boargers. Dêrfoar binne doarpskranten en –websiden prachtige media.

winner djp2019

It sjuerylid Douwkje Douma (Afûk) fertelde wat oer de oanpak fan ‘e sjuery en dat benammen sjoen wie nei earderneamde kritearia en Rienks artikel foldie dêr it beste oan. Dat hat ek wol bliken dien want de TipToko ‘draait’ no foar it twadde jier en hat yn 2020 oant hjoed al mear as 100 ‘gasten’ oer de flier hân.

Nei't Rienk it priissertifikaat oanbean wie, krige hy it wurd. Yn syn tankwurd wiisde Rienk de lytse 30 oanwêzigen derop dat www.eastermar.nl no 20 jier bestiet! Yntrodusearre op in ledegearkomste fan Doarpsbelang wie der earst wat skepsis oer dit nije fenomeen, der wie ommers ek wol BREEDút, de doarpskrante, en och ynternet, moast dat no sa noadich? Dy skepsis ferdwûn al gau en Eastermar hie der in nij medium by.

Rienk neamde ek in tal opfallende mominten yn de ôfrûne twa desennia. Hoe’t Oebele Brouwer, doe noch offisier fan justysje, it groat gear krige mei syn baas, de minister fan Justysje, om't yn it fotoferslach fan in doarpsfeest in foto stie fan Oebele yn 'e doarpsfeesttinte mei in – argeleas - fan syn soan liend rôze GeenStijl T-shirt oan. Geen Stijlwebside krige der lucht fan en pleatste de foto op syn webside. Krekt yn dy tiid spile tafallich krekt in rjochtbanksaak mei datselde GeenStijl... Ek seach er werom op de talrike 1-aprilgrappen dy’t de Eastermarders (en sels Omrop Fryslân) fia de webside op ‘e ferkearde foet setten. Prachtige mominten!

Rienk melde yn syn frij wiidweidige - mar wat is wiidweidich: it gie ommers oer 20 jier, dus wat is wiidweidich? - dat syn sûnens him wat parten begûn te spyljen en dat er eins fûn dat er him nei de perioade 2000 – 2020 wolris op wat oars rjochtsje woe. Want eins wie it websidewurk in soarte fan ferslaving wurden en hy seach yn syn spegelbyld dingen dy’t him net noasken. Dat wie de reden dat er besletten hie om hjoed offisjeel te melden dat er mei syn frijwilligerswurk foar de Eastermarder webside stoppet. Dat wie foar in tal oanwêzigen in ferrassende meidieling, foar oaren eins ek wer net. It momint is yn alle gefallen troch Rienk goed keazen omdat der by it websidebehear ek feroaringen op kommendewei binne. Foar de redaksjeleden sil der net folle feroarje mar op it mêd fan technyk, foarmjouwing, hosting en webmasterskip wol.

Seremoanjemaster Wijbe Postma betanke Rienk foar al syn ynspanningen, syn trochsettingsfermogen en syn fisy op it digitale mêd yn ús doarp. Hy skikte him de earetitel ‘Spin yn it digitale web fan Eastermar’ ta.

Dêrnei wie it offisjele part fan ‘e middei dien en stienen der troch 'Acces Catering’ kreas fersoarge hapkes en drankjes klear.

Ut namme fan ‘e Senatoaren (webside stjoergroep)

Sjueryrapport Priis foar Fryske sjoernalistyk Tytsjerksteradiel

 Doarpssjoernalistyk
Flnr: Douwkje Douma, Gerrit van der Meer, Rienk Vlieger, Wijbe Postma, Andries Bouwman
Foto: gemeente Tytsjerksteradiel

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: