"And the winner is....."
Op eastermar.nl ha wy frege om jimme resultaten fan winterske arbeid sjen te litten as it oankomt op sniepopbouwen. Nea earder hat de redaksje as sjuery optrede moatten. Op 'e televyzje seit sa'n sjuery altyd: "Het was ontzettend moeilijk..." En dan tinke wy faak mei ús allen: "Ja, ja, dat sil 't wol..." No, dêr binne wy dus achter kaam: perfoarst net ienfâldich om hjir in útspraak oer te dwaan.
Hiel moaie keunstsinnige eksimplaren binne der by. Net te fergelykjen mei de sniepoppen dy’t de jeugd makke hat. Wy wolle in earfolle fermelding jaan oan de sniepoppen fan Emiliano Borgetto, de Argentynske studint dy’t by Floor en Antsje útfanhûzet. En dy fan Albert Kieft fansels. Tige knap.
Mar wy binne fan oardiel dat :
- op it tredde plak einige binne: Teije, Rijanke en Harma mei ien fan de langste poppen dy't wy ea sjoen hawwe.
- op it twadde plak einige binne: Taeke Jan en Ids Jelte Hiemstra
And the winner is ....
de sniepop fan:
- Geary Dantuma en Sjoukje van der Wal.
De 1e-priiswinners krije fan de redaksje in attinsje en dêrneist fansels de 'eeuwige roem'.
-
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 maart 2023
Eastermar is...
... winterbeammen en in Broekophâlder yn transysje (;-). Fierder lêze »