It reinde freed prizen yn ús doarp. Doe waarden nammentlik de priiswinners fan de Sinteklazeaksje fan de OVE yn it sintsje set. De ôrûne wiken koe eltsenien syn kassabontsjes by de winkels yn ús doarp ynleverje. Us wykplysje Taeke Hogendorp hat der trije winners útlutsen.
De earste priis is gien nei de famylje S. Hogendorp. In fartocht foar fjouwer persoanen en dêrnei in diner bij Herberg De Parel.
De twadde priis, in barbecue foar tsien persoanen, kompleet fersoarge troch Acces Catering en Otte Boersma is gien nei de famylje D. Bouius.
De famylje M. Schotanus wie de winner fan de tredde priis, in teaterbon foar twa persoanen by Meerzigt. Elkenien lokwinske mei de priis!
Op de foto alle priiswinners en it bestjoer fan de OVE.
Foto & ferslach: Simon Bosma
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 21 november 2021
Sinteklaasyntocht 2021
De bern fan Eastermar hiene der al in skoft nei útsjoen. En gelokkich mocht Sinteklaas fan de boarge... Fierder lêze »