Nei ik wit net hoefolle jieren hat Pieter fan de Brijkarre ( der wurdt neamd hy skriuwde him De Jong) hommels it beslút naam om te stopjen mei it útsúteljen fan súvel, koekjes, bier en neam mar op. Pieter wie in begrip, mei nammen yn de útbuorren fan Eastermar , wȇr hy in pear kear per wike yn syn Spijkstaal-karre lâns de klanten kaam. Earst ek noch mei syn heit.
Hy pakte de buodskippen yn, beteljen koe wol ien kear per moanne. En der wienen (âldere) klanten wer hy de pinpas en koade fan hie; dan waard it kreas regele. Yn folslein fertrouwen. Pieter wie de eagen en earen fan de buert en naam ek de tiid foar in praatsje. Stienen der toeterende auto’s efter syn karre;,hy waard der net oars fan. Wy binne hjirre net yn 'e stêd. En oer toeterjen sprutsen: as ús hûn it lûd fan de karre al fan ôfstân hearde, dan stie sy klear by it hek, wachtsje op it koekje fan Pieter. Hoe dit de kommende tiid sil ?
Wienen jo net thús dan sette hy wat del wêrfan hy tocht dat jo it nédich hienen. Somtiden koekjes of drop, mar ek wolris in krat bier: Pieter sil wol tocht ha dat wy toarst of in neisit hienen.
Ek hiel apart: hy ferkocht yn syn karre by tiden ek boartersguod, faillissementpartijen kofje of wasmiddel. Noch fremder guod wie der in wike letter.
It ferhaal giet dat hy ek fjoerwurk leverje koe, mar dat kin ek fake-news wêze.
Op de tongersdei foar Kryst hawwe de klanten fan de Seadwei ôfskie fan him naam, mei in praatsje, in blomke en in diner-bon. Pieter, oars it heechste wurd, waard súver wat emosjonaal.
Op ynternet fûn ik dizze foto: ik tink dat it syn pake wie. Der is dus no in ein kommen oan it súteljen troch de famylje De Jong.
Pieter, tank foar it goeie (be)soargen. Wy hoopje dat jimme yn Sumar noch in moaie en goeie tiid ha, ek mei de ynternetferkeap.
En de ynwenners fan Eastermar? No sûnder iten troch de tiid ? Wit dat Alles ûnder ien dak ek in treflike besoarchservice hat.
ien fan de Seadwei-klanten
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 april 2022
Foto kruidenierswinkel, E.M. Beimastrjitte 70 uit 1930
Ik heb een foto van mijn pake en beppe Gerhardus de Haan en Froukje Hooijenga voor hun kruidenierswi... Fierder lêze »