In bizar tafal. Twa Eastermarders, buorlju, wurde beide boargemaster yn Fryslân. Tineke Schokker hat har stânplak wat fierder fuort, op Flylân. Oebele Brouwer is sûnt 7 febrewaris 2019 boargemaster fan buorgemeente Achtkarspelen. In gemeente dêr’t in part fan syn roots lizze en dêrom in klik mei hat.
Oebele Brouwer is al mear as 20 jier Eastermarder. En dat bliuwt er. De minister hat him spesjaal tastimming jûn dat er yn Eastermar wenje bliuwe mei. Gelokkich foar Brouwer sels, gelokkich foar Eastermar. Want hast alle Eastermarders kinne Oebele en oarsom. Altyd warber, altyd klear stean foar it doarp.
En hoe moai te sjen en te hearen, yn syn earste taspraak as boargemaster, dat ‘ús Oebele’ yn syn nije rol krekt de selde bliuwt. Belutsen, persoanlik (in protte minsken yn ‘e seal wurde neamd) en fol passy. Sa’t Eastermarders him allegear kinne. En ja, hy mei graach yn ‘e belangstelling stean, mar hy is de earste dy’t dat tajout. Sa is te lêzen yn syn ôfskiedsynterview as ofsier fan justysje op 'e side fan it Openbaar Ministerie.
De sirkel is rûn, dat wie de reade tried yn syn iepeningstaspraak. En dy sirkel, dêr makket Eastermar útdruklik diel fan út. Wy binne Oebele net kwyt en sille him noch geregeld tsjinkomme: silend mei syn platboaiem op ‘e Mar, op ien of oare gearkomste of kuierjend mei frou en hûn.
En krekt dêrom heart dit artikeltsje thús yn de rubryk ‘De minsken fan…’
Foto's: Gemeente Achtkarspelen, Binne-Louw Katsma
-
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 januari 2023
Kuiertocht bij volle maan met stamppotbuffet tussen de koeien in de stal
Kom op zaterdagmiddag 7 januari wandelen in het Nationaal Landschap Noardlike Fryske Wâlden.Het word... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 januari 2023
Eastermar is...
...in komplimintsje fan de boargemaster! Mei tank oan de organisaasje fan it Spanbânfestival. Fierder lêze »