Alle jierren wurdt der in skriuwwedstriid organisearre om de Fryske literatuer te stimulearjen. De jongferstoarne Rely Jorritsma lei yn syn testamint fêst, dat der alle jierren jild beskikber steld wurdt foar de bêste Fryske gedichten en koarte ferhalen. Foar de jeugd tusken 12 en 18 jier wurdt in aparte priisfraach útskreaun: de Junior Rely.
Yn de kategoary Poëzij hat Tjerk Jan Atsma in Junior Relypriis yn ‘e wacht sleept mei syn gedicht ‘Gatsjepanne’. De sjuery moast 75 ynstjoerings - ferhalen en poëzij – beoardielje.
Op 3 oktober wurde de Juniorprizen, tagelyk mei de ‘grutte’ Rely’s, útrikt yn it doarpshûs fan Weidum.
Noch mear Eastermarder sukses
De Provinsje en de ferfiersmaatskippijen Arriva en Qbuzz hawwe yn it ramt fan it projekt ‘Bus fol ferhalen’ yn ‘e mande mei Utjouwerij Elikser in boekje gearstald mei ferhalen oer ûnderfinings fan en foar busreizgers.
Ald-BREEDútredaksjeleden Jeike Hoek en Ineke v.d. Heide ha in ferhaal ynstjoerd en beide bydragen binne yn de bondel opnommen!
Op 16 septimber wurdt ‘Wurden foar elkoar’ op it Ljouwerter busstasjon presintearre en dêrnei oan busreizgers útdield troch de deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer, direkteur Anne Hettinga fan Arriva en Astrid Veldhuizen fan Qbuzz.
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 januari 2022
Doarpshistoarikus Elle Bosma ferstoarn
Op saterdei 15 jannewaris 2022 is yn syn wenplak Nieuw Vennep Elle Bosma op 81-jierrige leeftiid fer... Fierder lêze »