Ut de talleaze tweets die bliken dat Eastermar freedtejûn meilibbe mei Iris Kroes yn de striid om wa't 'the Voice of Holland' wurde soe. No't 'dy oare Kroes' Eastermar al op 'e kaart set hat, fynt Eastermar it prima dat dizze Kroes fan twa doarpen fierderop fan har hearre lit mei har gouden kieltsje. (Boppedat binne sy hiel fier fuort ek noch famylje.) En dêrmei hat Drachten no ek wat om grutsk op te wêzen. Miskien is it in idee en pas de slogan fan Drachten (Drachten wil je meemaken) oan nei 'Iris wil je meemaken'.
Wy hoopje fansels dat St. Easterbarren Iris al kontraktearre hat ear't se ferneamd waard, want hja sil no wol net mear te beteljen wêze.
Yn alle gefallen kin men sneontemiddei om 16.00 oere yn de Lawei yn Drachten terjochte om it feestje mei Iris mei te fieren. En wa't no oerwaget om harpspyljen te learen yn de Meldij moat der by wêze, want it skynt dat de oanmeldings binnen streame…
Iris, lokwinske út namme fan Eastermar!
Iris Kroes, boarne: www.pietereniris.nl
-
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 mei 2023
VV Eastermar kampioen / zaterdag kampioensfeest!
VV Eastermar is kampioen geworden en dat willen we graag met jullie vieren op zaterdag 27 mei vanaf... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale Steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze »