LIET is ien fan de belangrykste Fryske sjongfestivals yn ús provinsje. Muzikanten of bands kinne har mei in eigen, nij nûmer ynskriuwe en krije sa de kâns om har muzyk oan it grutte publyk hearre te litten. Nei in strange seleksje bepaalt in sjuery wa't dan yn de finale stiet, en miskien wol mei de winst oan de haal giet. Elise Westerhof fan it Harstepaed is ien fan dizze finalisten, mar se hat ek Eastermarder support nedich!

Elise kenne jim fansels fan it sjongen yn tsjerke, by it Easterbarren, mar miskien ha jo har ferline jier ek wol op it haadpoadium sjongen heard by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Foar LIET hat se spesjaal in eigen ferske skreaun. Tegearre mei rasmuzikant Gerben Jongsma waarden de meldijen betocht. Ek mei Gerben hat Elise de sjongtekst makke. Mei fansels in bytsje help fan heit Menno en Folkert Wesseling. Sa kaam it nûmer ta libben mei as titel 'Eigen Wei'. 

Op it stuit is Elise drok mei har bandleden oan it repetearjen foar de finale op tongersdei 19 septimber. LIET sil folslein live utsjoerd wurde troch Omrop Fryslân. De winner mei dan meidwaan oan it ''Regionaal Songfestival'' letter dit jier yn Maastricht. Mar ek mei der dan striden wurde by ''LIET internationaal'', dêr't in soad lannen ferskes sjonge yn eigen (minderheids)talen. 

Jimme help is ek nedich!

By de live-útstjoering fan Omrop Fryslân kin der ek troch it publyk stimd wurde. Al dizze publyksstimmen binne hiel wichtich foar de kar wa't LIET 2024 winne sil. Soene jimme dizze jûn op Elise Westerhof stimme wolle? Op de telefyzje wurdt dúdlik hoe't dat yn syn wurk gean sil, dus wy soene sizze: op 19 septimber om 19.30 Omrop Fryslân  op de telefyzje oan. En help Elise!!! 

Elise Westerhof

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: