Op in wat suterige freedtemiddei is der ljocht yn de basisskoalle de Twirre yn Eastermar. It is dêr feest want de boekpresintaasje fan Broek mei bûsen sil úteinsette. Der is kofje, der is gebak, der is muzyk fan it orkest Kroost van Joost ûnder lieding fan Johan Postma.
Goejûn, goemoarn,
broek mei bûsen ha ik oan.
Sa begjint it earste gedicht yn it boek Broek mei bûsen.
Skriuwster Ineke van der Heide hat foar de gelegenheid in bysûndere broek oan, ien mei bûsen fansels. Yn ‘e bûsen sitte geheime skatten ferstoppe, dy’t ien foar ien foar’t ljocht komme.
Yn har presintaasje lêst Ineke in tal gedichten foar. It folwoeksene publyk, de seal sit fol, fynt it al like prachtich as de pjutten en beukers wêr 't boek foar bedoeld is. "Puzelje mei wurden, sok moai wurk", ljochtet Ineke har wurk ta.
Margreet de Jong (Studio Teer) jout in taljochting wat de yllustraasjes oanbelanget. Mei mar trije kleuren, oker, ljochtblau en swart, hat de Jong yn in waarme, fleurige styl har tekeningen makke. By it wurkjen oan de tekeningen brûkte sy har soantsje as proefpersoan. Spruts de tekening him oan, dan wie de yllustraasje slagge.
Nei de presintaasje is der in protte belangstelling om it boek te keapjen en de earste doazen wiene gau leech. Utjouwer Piter Boersma is optein.
En fansels koe it boek fuortendaliks sinjeert wurde troch Ineke. In kâns dy’t eltsenien grypt.
Yn gearwurking mei útjouwerij Hispel en Studio Teer hat it in projekt fan likernôch twa jier west. De earste oplage is 500 stiks.
It boek kostet € 14 en it te keap/te bestellen by de boekhannel of fia de websjop van ‘e AFûK.
Direkt fia Ineke bestelle kin ek: mail nei boekinekevdheide@gmail.com of stjoer in apke nei 0658874545.
Eastermar, in doarp fol kreative stjerren. Ien fan dy stjerren hjit Ineke van der heide. Skriuwster fan in bysûnder moai en oansprekkend foarlêsboek mei berneferskes.
Ineke van der Heide en de 'broek mei bûsen'
Orkest Kroost van Joost
Margreet de Jong
Piter Boersma
De sinjearsesje
-
- Informatie
- 04 december 2023
Snie-dronebylden, ek fan it Heechsân
De moarns fan 4 desimber 2023 wie Eastermar en omkriten bedobbe ûnder in moai laachje snie. Simon Bo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Aktiviteiten Mienskipshûs De Kjellingen
Het is weer gezellig druk in het Mienskipshûs met klaverjassen, het 'itensiede mei Floor' en de acti... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 december 2023
Eastermar in het gouden ochtendgloren
Simon Bosma hie syn drone al in pear dagen startklear stean foar in moai snie-sfearbyld boppe Easter... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 november 2023
Energietour in Eastermar: gratis besparingsadvies
Op vrijdag 3 november is in gemeente Tytsjerksteradiel de Energietour van start gegaan. Een mobiele... Fierder lêze »