Eastermarder Haije Veenstra hat fannemoarn om 10.40 oere it earste ljipaai fan de gemeente Tytsjerksteradiel fûn. It aai lei yn it fjild tusken Skûlenboarch en Jistrum.
Neffens Haije, dy 't alle jierren in wike frij nimt om te aaisykjen, is de fynst betiid yn it seizoen. "Ik hie myn frije wike ein maart pland, kinst neigean."
Haije Feenstra hat fan 'e middei om 16.30 oere it aai oanbean oan boargemaster Polderman. Mei € 15,-- en in oarkonde kaam de grutske famylje wer thús. "Ik haw ien kear earder it earste aai fûn, mar dat wie yn de gemeente Dongeradiel. Dêr wie ik op 'e brommer hinne omdat yn ús gemeente al guon wienen, dy 't wat fûn hienen. Nei de fynst bin ik doe fuortendaliks trochstood nei it gemeentehûs."
Op it plak dêr 't Haije hjoed it aai fûn hat, is earder it earste aai fan Fryslân fûn. "Dat wie yn de tiid dat it even net mocht en der hat nochal wat oer te rêden west. Mar it is wol it plak wêrfan't ik tocht: dêr moat ik wêze!"
Haije Veenstra mei soan Willem en de oarkonde
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »