Beimabuert giet foar duorsum
Us doarp is op dizze dagen wer feestlik oanklaaid fanwegen it doarpsfeest. Alle buertferienings hawwe tige harren bêst dien, útsein de Beimabuert. Alteast sa liket it wannear je de haadstrjitte fan Eastermar ynkomme. Der stiet wol in feestlike poarte oan de merkekant fan de strjitte en fierder hingje der hjir en dêr wat suterige retroflachjes. Mar oer it generaal is it net wat wy fan de Beimabuert wend binne. Hoe kin dat?
Dizze buertferiening hat der nammentlik foar keazen net wer plestik flachjes te keapjen neidat de lêsten ôfskreaun wienen. Yn 't plak dêrfan wie der in better idee en brûk de stof fan ôfkeurde flaggen fan de Dokkumer Vlaggencentrale. Mar ja, dy stof op 'e kop tikje is ien ding, mar dêrnei moatte alle flachjes noch knipt en naaid wurde. In putsje foar de bewenners. Hoewol 't guon tige harren bêst dien hawwe is dy put grutter as yn 't foar ynskat waard. Dus it komt der op del: de nije flachjes binne noch net klear.
Mar it kommende jier.. dan sil de Beima útpakke mei duorsume flachjes!
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 juni 2025
Doarpsfeest 2025, de bylden! (update 11)
De fotografen hawwe de hiele (waarme) snein achter de pc sitten om ien en oar te ferwurkjen, mar all... Fierder lêze »