In protte minsken waarden yn 2018, fral yn ‘e lêste wiken, konfrontearre mei kamera’s, mikrofoans en nijsgjirrige sjoernalisten. Al dizze Eastermarders hawwe har bêst dien om, in jier nei it fallen fan de ‘Kanjer’, op alle fragen posityf te antwurdzjen, bliid te wêzen mei in Eastermar dat net feroare is. Ek minsken sûnder lot. Top!
In tal Eastermarders binne sûnt dit jier EasterVIP’s. Bygelyks de húshâlding fan de nije keuken en tún, it keppel fan it fûns, de keunstskilder en syn nije bus en neam alle oaren mar op. De fraach wie hieltyd: hat de priis jo libben ek feroare? Mar dizze fraach hie ek steld wurde kind: hat al dat media-omtinken jo libben ek feroare?
Wa’t werom sjocht op al dy útstjoeringen en artikels ûntdekt al rillegau in reade trie dêr’t jo net omhinne kinne; dy iene man…
De man dy’t it hele jier mei ivich geduld alle sjoernalisten en ferslachjouwers te wurd stie, dy’t nea in kear nee sein hat wannear der alwér in kameraploech syn winkel oernaam, dy’t as in wiere doarpsboargemaster de sjoggers fan Omrop Fryslân in rûnlieding troch it doarp oanbea, dy’t as ferneamde winkelman alle nijsgjirrige toeristen syn nije skuon sjen liet, de man dy’t yn twa kwotes útlizze kin hoe’t yn Eastermar de mienskip prima wurket. Wrâldferneamd yn eigen doarp mar no ek in bytsje fierder: dizze man is Sjouke Wijnsma!
Sjouke sil der grif aardichheid oan hân hawwe en hâldt dit in jier lang fol. Eltsenien fynt it miskien hiel gewoan dat er altyd ree stiet foar in mediapraatsje, mar it moat allegear wol ûnder winkel- en wurktiid barre.
Dêrom in plomke foar de ynset, it geduld en de tiid fan Sjouke Wijnsma, as ûndernimmer, as Eastermarder fan it jier. Om it doarp sa posityf op de kaart te setten en fral te hâlden!
‘t Hat moai west, €astermar is wer Eastermar!
Redaksje eastermar.nl
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 december 2021
Humberto Tan op 'e syk nei postkoadegelok
Is Eastermar noch mar krekt bekaam fan de komst fan Tom Waes, spaant Humberto Tan samar troch ús doa... Fierder lêze »