Yn jannewaris wurdt alle jierren de Dakar Rally hâlden. Net mear yn Afrika, sa as eartiids, mar yn Súd-Amearika.
De kommende edysje wurdt foar Eastermarder Allard Tadema hiel spannend want hy sil as monteur mei yn it 'Riwald Dakar team'. Yn dit team ride trije Mitsubishi Racing Lancers mei en in Ginaf rallytruck mei in DAF-motor fan mar leafst 750 pk. Allard sit oan board fan ien fan de twa servicetrucks, dy't ek meigean.
Foar him kaam in dream út doe't er belle waard om lid te wurden fan it team. "Wy hawwe al in kear in rally riden yn Marokko en dat gie goed; wy binne mei de truck fyfde wurden. Ek it team, in lytse 30 man, hat in klik mei-inoar. En hiel noflik, der is gjin nee te keap. Wy, de monteurs, twifelen oft wy twa of trije reserveturbo's meinimme soene. Doch mar trije, sei de lieding. Dus sa giet soks.
By de Dakar Rally ride wy oerdei de transfer rjochtstreeks nei it folgjende plak op 'e rûte, mar wannear 't de rallytruck yn de problemen komt, dan moatte wy dêr hinne. Ferrint de dei goed, dan komme de trucks as lêste binnen (as earste komme de motoren binnen, dan de rally-auto's) en dat betsjut jûns en by need nachts 'sleutelje', ôfhinklik fan hoe't de truck him dy dei hâlden hat."
Allard fleant ein desimber nei Argentinië en komt mei in protte Dakarûnderfining fanút Lima werom.
Mear oer de ambysjes fan it Riwald Dakar team
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 januari 2014
Allard Tadema dielnimmer Dakar
Doarpsgenoat Allard Tadema docht op dit stuit mei oan de Dakar Rally 2014 yn Argentinië. Allard is m... Fierder lêze »