It is dit jier dien mei de persoanlike brêgebetsjinning fan de brêge oer de Lits. Noch even en dan is der gjin klompke mear, it symboal fan Fryslân's sympatike wize fan tsjinstferliening foar de wettersporter.
Oan de ein fan dit seizoen hâlde brêgewipper Douwe Bouius en de frou der mei op, sy sille mei pensjoen.
Foar harren komme fjouwer kamera's yn 't plak en de brêge sil betsjinne wurde fanút it nije gebouke neist de Skûlenboarger brêge. Fanút dit 'brêgesintrum' sille oare jier fjouwer brêgen betsjinne wurde.
Wat feroaret der noch mear? De nije technyk hâldt gjin skoft, de brêge draait de hiele dei oant jûns acht oere ta.
Mar wy reitsje ek wat kwyt. Even wachtsje mei draaien sadat de krantebesoarger trochfytse kin. Net mear ynspringe kinne op kalamiteiten. Gjin gemoedelijke 'heui-gebaar' mei de hân. Gjin bern dy 't spul hawwe oer wa 't de Euro yn de klomp dwaan mei. De Euro hâlde wy tenei yn de bûse want gemeente en provinsje betelje elk de helte fan de kosten.
Mar der is ien pluspunt, aldus Douwe; "Wy meie op dit plak wenjen bliuwe en dêr binne wy tige wiis mei".

bregewipper.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe