Yn 't kader fan it doarpsfeest is de earste wolkomsttas útrikt oan boatpassanten fan Eastermar.
De wolkomsttas is een idee fan de ûndernimmersferiening en de feriening foar toeristeynformaasje Eastermar. Yn de tas sitte koartingsbonnen foar de winkels en hoareka yn ús doarp. Ek sitte der noch in stik as wat attinsjes yn fan ferskate ûndernimmers, bygelyks in kuierkaart, penne en opskriuwboekje. De gemeente Tytsjerksteradiel leveret ek in bydrage yn de foarm fan in hûnestrontpûde.
De famylje Nuyt, alhiel út Gouda mei harren skip 'Aurora', wiene de earsten dy't út hannen fan havenmaster Albert Kieft de tas krigen hawwe. Ja wiene noch nea dizze kant út west mei de boat en soene op oanrieden fan de havenmaster de oare deis ris op 'e feemerk sjen.
Tenei krije alle boatsjepassanten fan Eastermar sa'n tas. Al wer in goeie reden om Eastermar as eindoel fan in moaie fartocht út te kiezen.

welkomsttas.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe