It liket ús aardich om de earste te wêzen.

It EK fuotbaljen sil pas op 7 juny útein sette mar in part fan de De Teye Tolstrjitte is sûnt hjoed der al hielendal klear foar. De oranje flagjes wapperje fleurich yn it foarjierssintsje.
It idee is yn jannewaris ûntstien op de nijjiersresepsje fan de buertferiening fan de Teye Tolstjritte. Doe 't de ferskate nijjierstunts ter sprake kamen krigen guon bewenners nei wat harseskraabjen it idee om wat mei de EK te dwaan. Der wenje nammintlik aardich wat fanatike fuotballeafhawwers op de Teye Tol. "As wy no ris de earste binne mei it oanklaaien fan de strjitte?" Om it ekstra opfalle te litten soe in wike earder dan gewoanwei net genôch wêze, dus waard der foar keazen om goed betiid der mei te begjinnen.
De lytse Teye Tol docht net mei. In pear moanne lang dy flagjes te klapperjen seachen dizze bewenners net sitten. Wy dogge oars ek net mei oan dy oranjegekte, dus wêrom no ynienen wol, seit Froukje Wobbes, bewenner fan it koarte dwersstik fan de Teye Tolstrjitte.
Nederlân spilet op 9 juny de earste wedstriid tsjin Itaalje.

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe