In ferslach ter plaatse

Supermerk 'Alles ûnder ien dak' hat ûnferwacht ynspeksje krigen. Neat minder dan doarpsbewenners Saakje en Foekje hawwe mei eigner Sippie in slach troch de winkel west en ja... der wie al wat kommentaar.

'Alles ûnder ien dak' is, sa as eltsenien nei it stik yn de LC wol wit, yn de slach om 'Supermarkt van het jaar' te wurden. In moai stribben. Mar no docht bliken dat der yn it doarp ek wat betinkingen binne oer dizze aksje. Saakje en Foekje, dy 't regelmjittich tegearre oan 'e kofje sitte, tinke der oars oer. "Enkêtes ynfolje? Wat in Hollânsk gedoch, dy minsken begripe der ommes neat fan hoe 't it hjir op ús doarp om tagiet. Wat seist, Saakje, oars moasten wy sels der mar ris hinne foar ynspeksje". En sa barde it op sneontemoarn dat Sippie, neat yn de gaten hawwende, ûnferwacht besite krige fan de beide froulje.
Sippie waard by de kassa weilhelle en moast mei de beide froulje in slach troch de winkel.

"Sjoch Sippie, it begjint hjir al by de doar. Der mist hjir in kammebakje mei in spegel der boppe", wie it earste kommentaar.

Image

"Want wannear 't wy hjir binnenkomme, dan is der altyd wol ien om mei te praten en dan moat it hier wol goed sitte. En der is hjir ek gjin plak foar de rollator. Dit moat oars."

"En dan de griente, Sippie. Keurich hear, goed foarinnoar, mar wy misse de wâldbeantjses. It is dat Jannes no wer iepen is, mar oars..." "Mar dy komme noch hear", ferûntskuldigd Sippie har. En dat soe noch in pear kear gebeure want de froulje wienen noch lang net klear...

"Al dat meagere fleis, kipschnitzel, wa wol dêr no op kaugje? Fet fleis moat der komme, spek, speklapkes ensa." Sippie wyst op it spek dat ûnder oan yn de koeling leit. "Och leave stumper, sa djip kinne wy net troch de rêch en trouwens it is hjir ek fierstente kâld. Men ferklommet hjir hielendal." Sippie mompelt noch wat dat dokter hjir tichtby wennet mar Saakje en Foekje binne al by de suvel telâne kaam.

"Sûpengroatten'brij, dat misse wy ek." Sippie lit sjen dat it der wier wol is. "Neeee, flessen bedoele wy, net dat plastic guod." En sa giet it fierder. Ut en troch kin Saakje it net litte en hellet de stofdoek út har boadskipkarke wei en begjint potten en pakjes ôf te stofjen.

Image

Kofjedrinke
Foekje is yntusken al mei Sippie yn de bôlehoeke bedarre. "No is hjir in moai hoekje om in sitsje te meitsjen, hienen wy tocht. Mei in kofjesetapparaat. En dan fan dy froulje mei hapkes, dy 't wy dan preauwe kinne." "Ja", seit Saakje mei stofdoek noch yn de hân, "dy froulje hawwe altyd fan de keurige mantelpakjes oan. Sa moai no..." Sippie hat goed nijs foar de froulje, want sa'n kofjesetter sil der yndie komme.

"En de kantine, fierstente lyts. No nergens om mar dy moat grutter. It is gjin gesicht dat dyn personiel altyd bûtendoar sitte moat te kofjedrinken. En no mei nei de Sorbohoeke, want ek dat is net rjocht ynnoarder..."
En ja ek dêr misse guon dingen yn it assortiment; 4711 klonje ("oh, is dat gjin skjinmakkersspul"?), bûsdoekjes mei kant en "ja Sippie, no even serieus, bakjes foar it gebit... binne der ek net."

Image

Twadde kassa
"En no it grutste euvelpunt!" Sippie wurdt meisleept de kant fan de kassa út. Anke hat yntusken de taak fan Sippie efter de kassa oernommen. "Der moat perfoast in twadde kassa bykomme, want oars komt it net goed. Der wurdt hjirre te folle tiid fergriemd mei praterij; kostet allegear jild. En dat wy sels segeltsjes plakke moatte, dêr moast ek wat foar betinke..."

BTW
By eintsjebeslút wurdt Sippie tasprutsen. "Want ek al hawwe wy wol wat kommentaar, wy binne goed wiis mei dy Sippie hear. It is hjir altyd sa gesellich, wy bliuwe op 'e hichte en wy kinne mei dy alle kanten út. Do hast persoanlike omtinken foar eltsenien, de bern krije altyd in snopke en it personiel krijt op 'e personielsjûn 'gepaste veiligheidsmaatregelen'. En altyd like fleurich, Sippie hear."
"Sjochst der altyd netsjes út... mar de werkinbarheid kin wol wat better, dan kinne wy dy fuort stean sjen as wy der yn komme."
Sippie kriget in pet op mei passende tekst. "Dy moast de hiele dei ophâlde, hear!"
"En dan hawwe wy ek noch in titel foar dy, want mocht it no net goedkomme mei dy supermerkferkiezing, dan hast dit yn elts gefal mar." Sippie kriget in 'BTW trofee' oerlange. De BTW stiet foar: Bêste Trochsettende Winkelfrou'.
"Sjoch, dan moat dit mar foar it rút..." Der komt in grutte oarkonde foar 't ljocht mei de tekst 'De Bêste Supermerk fan 'e Buorren'. "En lit dat Hollânske gedoch no mar sitte. Stjerrende wier, dy minsken begripe der neat fan."

Image


Image


Saakje en Foekje sille de doar wer út. Mar de plú fan Foekje bliuwt hingjen yn de lege-batterijbak, dy 't foar plúbak trochgean moat neffens Sippie. "Sjochst no wol", seit Foekje. "Toe nou, sjit no ris even op, it is hast tolve oere, de earappels moatte op", kremenearret Saakje.
En sa drippe de beide froulje ôf, de minsken yn de winkel lakerich en optein efterlittend.

Image

Fotografie: Harmke Paulides

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe