“Soenen jo wol in pear fragen beäntwurdzje wolle oer dizze winkel, mefrou?” frege it alderaardichste frommeske by de doar.
Ach wol ja, wa soe ‘nee’ sizze as it giet om ús eigen doarpswinkel? Hoewol… in péár fragen? In hiel boekwurk kaam der oan te pas, mei fragen oer de tsiis, de bôle, de yochert, it fleis: it hiele assortimint moast beöardiele wurde op farskens, datum, ferpakking, opstelling fan ‘e produkten, foarried, ensfh. Ek de klantfreonlikheid, de parkearplakken, de berikberheid, de tagonklikheid en neam mar op, moasten in sifer krije.

Yn ‘e winkel en de personielsromte sieten in stik of wat klanten mei ynmoed te switten op krityske antwurden. Want jo kinne wol oeral in krúske sette by ‘uitmuntend’, mar dêr sille professionele sjueryleden net yntraapje! It wie dus wol even sykjen wêr’t it ek wol mei ‘goed’ ta koe…

As beleanning krigen de pleatslike sjueryleden in doaske mei sûkelade.
En no mar ôfwachtsje. It bliuwt noch wol even spannend.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe