De CJV fan Eastermar hat in ludieke aksje optocht om jild byinnoar te garjen; autowaskje.
Fan 10 oant 5 oere koe men op it parkearplak foar it Hoekje telâne. Foar € 5,- waard jo auto ris flink oanpakt mei âlderwetkse amer en sop. De helte fan de opbringst giet nei Warchild.
De CJV-ers hiene harsels opdield in trije ploegen, eltsenien mei amer en spûns fan mem mei.
Om goed healwei ienen stie de stân op al 20 auto's.
Sjauffeurs reagearren hiel posityf. "Dit mei om ús wol alle moannen, bygelyks de earste sneon fan de maand. Ik bin no like folle kwyt as by de waskstrjitte, mar no is 't foar in goed doel."
autowassen-cjv.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe