Sneon 1 septimber, 15.59 oere. De lêste minút fan it bestean fan in grientewinkel yn Eastermar is yngien. Unbewust fan wat harren te wachtsjen stiet, wurde de sekonden lûdop troch de famylje Hamstra ôfteld, der wurdt opromme, de flier wurdt fage.
Dan ynienen stiet der in trekker-en-wein foar de doar en binne it allegear minsken. Der is muzyk en Jannes Hamstra wurdt tasongen.
Fansels moat der in grap úthelle wurde en de eigner fan de grientewinkel wurdt yn in ûntfieringsaksje omtsjoend fan in ferklaaide woartel yn in taksysjauffeur. Wannear 't de taksy foar de winkel stoppet, wurdt de doar fan de taksy iepene troch de 'boargemaster' fan Eastermar. Der folget in taspraak, dy 't fol sit mei tapaslike útspraken oer 44 jier grientespesjalist yn kombinaasje mei siswizen oer griente en fruit. Oan de ein fan de taspraak wurdt Jannes Hamstra ûnderskieden yn 'de oarder fan de gouden apel'.

Image

Nei de taspraak wurdt it in hiel lyts bytsje Easterbarren yn de Beimastrjitte en wurdt troch in mânsk koar in lied nei foaren brocht, mei yn de tekst saken oer it ferline fan de grientespesjalist én de takomst.
Dan is it wier gebeurd mei dé griente- en fruitsaak. Op strjitte wurdt in glês dronken en de bern meie samar de lêste pûden sjips út de winkel weihelje.
Tenei kinne de bewenners fan Eastermar allinne foar ierappels terjochte op de E.M. Beimastrjitte 53 ...én foar in taksy fansels.

Image

{easycomments}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe