Sûnt 2000 swalket der in wikseltrofee troch it doarp, alle jierren op in oar plak. Eartiids wie dit in idee fan Oebele en Ynske Brouwer. De trofee is in prachtich stikje hânwurk, ynspirearre op ‘e Broekophâlder.

It is it doel dat de trofee in bestimming kriget by minsken of inisjativen dy’t wat bysûnders dogge of dien ha foar Eastermar. Sa njonkenlytsen hat it ding in hiele skiednis. Wopke Wobbes hat de Broekophâlder alris as restauraasjeprojekt ûnder hannen hân en no binne alle nammen wer lêsber en lit it byldsje de holle net langer hingje. Wa’t de trofee yn hannen hat mei beslisse wat de bestimming foar it nijkommende jier wurdt.

De ploech manlju dy’t de pleintafel realisearre hawwe wiene de lêsten dêr’t de trofee by bedarre wie en oan harren de kar wa’t no de eare krije soe. De mannen wiene der rillegau út. De pleintafelploech hat op 31 augustus by it festival de trofee útrikt oan de minsken fan Stifting Easterbarren fanwege de bysûndere prestaasje om alle jierren wer sa’n prachtich en fergees festival del te setten en dat mei de ynset fan in enoarm tal Eastermarder frijwilligers.

Dik fertsjinne!

wikseltrofee Broekophâlder

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe