De Burgumer Aktiviteitekommisje (BAK) organisearre op 23 en 24 oktober in Mearkefestival. Yn it ramt dêrfan waard in wedstriid útskreaun: wa betinkt yn 500 – 1000 wurden in nij mearke dat begjint mei:

Er was eens een dorp, een dorp verstopt tussen bomen en water…

De oprop wie foar trije dielnimmerskategoryën. Learlingen fan it basisûnderwiis, fan de middelbere skoallen en folwoeksenen koenen in bydrage leverje. Sietske Bijlsma (14) fan ’t Hôf 11 – learlinge fan it Liudger yn Burgum - wûn net allinnich yn har leeftiidskategory de earste priis, mar krige ek de wikselbeker foar it bêste ferhaal fan alle dielnimmers út hannen fan wethâlder Houkje Rijpstra. Sietske skreau it mearke De lichtvanger van Burgum. Saterdeitemiddei, 24 oktober, wie de priisútrikking yn it feestpaviljoen op de nije Markt yn Burgum.

Sietske Bijlsma

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe